Mielservice wurkjende stellen

© Omrop Fryslân
Trije winkels út Wergea en Warten sette mei in besoarchservice foar de Ljouwerter wyk Suderbuorren út ein. It giet om slachter Van der Wal, bakker de Boer en de landwinkel by de pleats fan de famylje Nauta by Warten.
De ûndernimmers sjogge wol brea yn it útsuteljen fan harren guod. Yn 'e wyk wenje in soad stellen dy't beide wurkje en net folle tiid hawwe om iten te sieden. Foar ynformaaasje sjoch op www.slagerijvanderwal.nl