Fytser oanriden yn Appelskea
By in oanriding yn Appelskea is in 37-jierrige fytser út Easterwâlde ferwûne rekke. De man waard op 'e Bruggeleane oanriden troch in 28-jierrige autobestjoerster út Appelskea. De frou woe mei de auto linksôf, mar seach dêrby de fytser oer de holle.
De fytser moast flink op 'e rem en kaam te fallen. Hy rekke ferwûne oan it gesicht en is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs fan Drachten.