Gjin medalje foar siler Postma

29 jan 2008 - 10:00
  • Pieter Jan Postma op it WK Finn yn Melbourne (foto: Simon Keijzer)

Pieter Jan Postma hat gjin medalje helle op it wrâldkampioenskip yn 'e Finnklasse. De siler út Terkaple waard yn 'e finale diskwalifisearre. Hy gie te gau oer de startline.

Postma gie de finale yn as tredde. Troch syn diskwalifikaasje waard hy fjirde. De wedstriden waarden hâlden yn it Australyske Melbourne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)