Auto yn Strobossertrekfeart

© Omrop Fryslân
In frou fan 20 jier út Strobos is moandeitemoarn mei de auto de Trekfeart ynriden. Se skrok fan in tsjinlizzer en kaam dêrtroch yn 'e rjochterberm telâne. De frou koe de auto net mear op 'e wei krije en ried de Strobossertrekfeart yn.
De frou koe sels út de auto weikomme. Omstanners hawwe har op 'e wâlskant holpen. Meiwurkers fan de ambulanse hawwe de frou ûndersocht en har dêrnei nei hûs ta brocht.