'Ketting ferhierd oan Haarlem'

29 jan 2008 - 09:37

Cambuur-oanfaller Jeroen Ketting wurdt mooglik foar de rest fan dit seizoen ferhierd oan Haarlem. Ketting makket oant no ta in ûngelokkich seizoen troch by de Ljouwerters. Hy skoarde dit seizoen mar ien kear, wylst hy ferline jier noch topskutter wie fan Cambuur mei 13 goals.

Cambuur en Haarlem binne it al mei inoar iens oer de ferhier, tiisdeitemiddei praat Ketting sels noch mei de klub.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)