Jong Cambuur wint fan Emmen

28 jan 2008 - 22:02

Jong Cambuur hat moandeitejûn de útwedstryd tsjin Emmen mei 1-0 wûn. It beslissende doelpunt foel yn de 71e minút en kaam op namme fan Sjouke Pieter Oosterling.

Emmen probearre ferfolgens druk te setten om der noch in gelyk spul út te heljen, mar dêrtroch krige Cambuur ek wer kânsen. Uteinlik bleau it 1-0 foar Cambuur. Troch de winst bliuwt Cambuur meidraaien yn de top fan de kompetysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)