Plomfee wer nei bûten

© Omrop Fryslân
It plomfee by de hobbyboeren yn Nederlân mei wer nei bûten. Dat hat minister Gerda Verburg fan Lânbou moandei bekend makke.
Krekt foar de kryst waard de ophokplicht ynsteld, nei dat yn Dútslân en Poalen by ferskate plomfeehâlders in gefaarlike fariant fan de fûgelgryp oantroffen waard. De ôfrûne trije wiken binne der gjin besmette fûgels mear oantroffen.