Guozzejacht dochs net tastien

27 mrt 2012 - 22:15
  • Guozzen

De skiere goes en de blesgoes meie dochs net bejage wurde. De Twadde Keamer hat in plan fan lânbousteatssiktaris Henk Bleker om dy jacht ta te stean opkeard. Hy woe dat omdat it tastean fan jacht goedkeaper wêze soe as maatregels om skea op boerelân troch guozzen foar te kommen. De Twadde Keamer is dat net mei him iens. De skiere goes en de blesgoes binne ynheemske beskerme fûgelsoarten. De jacht fersteurt it natuerlik lykwicht en de guozzen kinne better ferjage wurde fan plakken dêr't se skea feroarsaakje, fynt it mearderheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)