Direkteur BoBoB tydlik thús

© Omrop Fryslân
De direkteur fan it iepenbier ûnderwiis yn Boarnsterhim (BoBoB), Roelof Huisman, sit tydlik thús.
Huisman wie yntensief belutsen by it konflikt fan juf Siep Stroosma fan basisskoalle 't Raerderhiem yn Raerd mei de direkteur fan de basisskoalle. De juf wie in pear wike skorst omt der ûnderlinge problemen wienen. Begjin jannewaris gie Stroosma wer oan it wurk. It thúsbliuwen fan Huisman soe neat te krijen ha mei de kwestje.