Boeren mooglik gjin ynternet

28 jan 2008 - 16:39

In soad boeren op it Fryske plattelân driigje ôfsletten te wurden fan harren ynternetferbining. KPN wol fan 1 maart ôf it ynternetferkear fia it âlde ynbel-modem ûnmooglik meitsje. Guon boerebedriuwen op it plattelân binne ûnberikber foar kabel, ISDN of ADSL.

In ferbining fia de mobile telefoan kin wol, mar is in stik djoerder. Ynternet is foar de measte boerebedriuwen ûnmisber wurden. LTO Noord wol dêrom aksje ûndernimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)