Grien ljocht helpt fûgels

28 jan 2008 - 16:33

De proef mei griene ferljochting op in gaswinningsplatfoarm by Flylân is in grut sukses. De spesjale ljochten hingje dêr sûnt augustus en moatte der foar soargje dat fûgels net út 'e koers reitsje by it platfoarm.

By normale ferljochting bart dat by min waar in soad. Op in jûn fleane dan soms wol tûzen fûgels om in platfoarm. Dy kinne dan dêrnei it paad faak net werom fine. Mei de griene ferljochting rûn dat tal fûgels bot werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)