Plannen Wyldemerk kinne los

© Omrop Fryslân
De bou fan de tydlike húsfesting foar bern en begelieders op De Wyldemerk yn Harich kin trochgean. Dat hat de rjochter moandei bepaald. Op de Kampus wurde bern holpen dy't yn it normale ûnderwiis fêstrinne fanwege problemen.
Omwenners fan de âlde gersdroegerij makken twa wike lyn beswier tsjin de komst fan de tydlike skoalle op it terrein fan de gersdroegerij. Se binne benaud dat de skoalle der nei de proef fan twa jier definityf stean bliuwt.