NNO wol musisy mear betelje

It Noord Nederlands Orkest wol mear jild fan it Ryk en de provinsjes yn it noarden om de musisy in heger lean jaan te kinnen. It NNO wol de musisy de kommende jierren tsien prosint mear lean betelje.
In musikant by it NNO fersjinnet no sa'n 2500 euro smoarch yn 'e moanne. Yn it westen fan it lân krije musisy folle mear. Dat betsjut dat it NNO minsken kwyt rekket oan orkesten yn it westen.