Blauforlaetsbrêge wike ticht

© Omrop Fryslân
De Blauforlaetsbrêge tusken Bûtenpost en Surhústerfean is nije wike sluten foar alle ferkear. De brêge dêr't safolle om te dwaan is wurdt dan ûnder hannen naam. Omwenjenden ha mei in súksesfolle aksje foarkommen dat lânbouferkear en fytsers meiinoar yn ien strook oer de brêge moatte.
De provinsje lit op dit stuit útsykje wat in hiele nije brêge kostet en wat it kostje soe om in aparte brêge foar fytsers te bouwen.