Flyers winne fan Geleen

28 jan 2008 - 09:51

De iishockeyers fan de Vadeko Flyers ha sneintejûn op it eigen iis mei 4-2 fan Geleen wûn. De perioadestannen: 1-0, 0-2, 3-0. Der waard hurd wurke troch de beide ploegen, mar yn de ôfwurking wie de thúsploech net goed.

Yn de stân ha de Flyers no 47 punten út 18 wedstriden. Tilburch hat itselde tal wedstriden en punten. De beide koprinners wurde folge troch Den Haach en Geleen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)