Oosterloo wint NK op 3 km
Jessica Oosterloo út Appelskea hat yn de Martiniplaza fan Grins de Nederlânske titel pakt op de trije kilometer. Yn de lêste ronde makke se it ferskil. Jessica rûn de 3 kilometer yn 10.26.76.
De iepen Noard-Nederlânske titel heechspringen bij de froulju is wûn troch Nikki May Woudstra út Wolvegea. Se makke in sprong fan 1.75 meter.