Jonge boatsjedief oppakt

27 jan 2008 - 15:36

In jonge Ljouwerter (17) is oppakt foar it stellen fan in boat. In tsjûge hie sjoen dat er mei in maat yn in boatsje stapte oan 'e Sassingastins. De bromscooter dêr't de beide jonges op kaam wiene, lieten se op 'e wâl stean. Mei help fan it kenteken en it sinjalemint koe de dieder maklik achterhelle wurde.

Flak by syn hûs waard it stellen boatsje weromfûn. De fertochte sit fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)