Tinga en Hornstra winne Tsjom

© Omrop Fryslân
Tiedo Tinga fan Boalsert hat sneon de heale maraton fan Tsjom wûn. Hy wie yn 'e sprint rapper as Ynze Stienstra út Wergea en kaam yn in tiid fan 1.20.43 oer de streek. Op twa tellen fan de winner waard Stienstra twadde. Jan Boonstra waard tredde yn 1.21.04.
Maaike Hornstra fan Jellum wûn mei oermacht by de froulju yn in tiid fan 1.40.00. Oan 'e wedstriid yn Tsjom diene 233 hurdrinners mei.