'Gjin ekstra stiltegebieten'

27 jan 2008 - 13:47

It Waadgebiet moat net mear gebieten krije dêr't minsken net komme meie. Dat fine organisaasjes dy't de natuer op en by it Waad beheare. De Fûgelbeskerming, de Waadferiening en de Stichting Wad binne ek tsjin.

It Ryk wol nochris fjirtjin ekstra stiltegebieten oanwize. Mar ferline jier binne dêr al ôfspraken oer makke yn in konvenant. De natuerclubs freegje harren ôf wat se no mei dy eardere ôfspraken oan moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)