Postma fjirde yn WK Finn

27 jan 2008 - 13:22

Pieter Jan Postma fan Terkaple docht it poerbêst by it wrâldkampioenskip yn Melbourne. Pieter stiet yn 'e Finnklasse op it fjirde plak nei sân wedstriden. Snein wûn de Fries de sechsde wedstriid en waard er twadde yn 'e sânde.

De Nij-Seelanner Dan Slater giet oan 'e lieding mei 31 punten, Pieter Jan Postma hat 37 punten. Hy krûpt stadichoan omheech yn it klassemint en stiet no op it fjirde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)