Wurk oan nij fiadukt yn Harns

27 jan 2008 - 13:08

Yn Harns wurdt de kommende wiken wurke oan 'e fundearring fan in nij fiadukt. Fanwege heiwurk is de Kimswerterleane oerdeis ôfsletten. Rykswettersteat wol net dat troch it wurk it ferkear yn gefaar komt. In stik fan 'e wei bliuwt wol iepen.

De ôfsluting duorret fan moandei oant en mei 11 febrewaris. Jûns en nachts is de dyk wol iepen. It fiadukt is ûnderdiel fan de N31 dy't ferbrede wurdt ta in fjouwerbaansdyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)