Eijk begjint yn Utrecht

Biskop Eijk begjint sneon yn Utrecht
Ald-biskop Eijk fan it bisdom Grins en Ljouwert begjint sneon offisjeel as aartsbiskop fan Utrecht. Yn de Catharinakatedraal yn Utrecht wurdt in spesjale eucharistyfiering hâlden.
Yn desimber waard bekend dat Eijk ôfskied nimme soe fan it bisdom Grins en Ljouwert. Hy hat dêr acht jier yn funksje west. It bisdom fan Grins en Ljouwert neamde it fuortgean fan Wim Eijk earder 'in grut ferlies'.