Cambuur spilet lyk tsjin AGOVV

© Omrop Fryslân
Sportklub Cambuur is de fiifde perioade begûn mei in 2-2 lykspul tsjin AGOVV. Yn Apeldoorn kamen de Ljouwerters mei 2-0 achter, troch twa goals fan Jeremy Bokila.
Daliks nei de twadde goal fan Bokila soarge Rudy Jansen foar de oansluting. Twa minuten foar tiid wie it Ferdinand Katipana dy't de einstân op 2-2 bepaalde. Cambuur bliuwt troch it punt foarearst wol op it ien-nei-lêste plak stean.