Prager mei net fuort

25 jan 2008 - 18:04

Thomas Prager hat fan SC Hearrenfean te hearren krigen dat hy de club net ferlitte mei. Om syn EK dielname net yn gefaar komme te litten, woe de Eastenriker yn dizze transferperioade op syk nei in oare club. Mar Hearrenfean wol dêr net oan meiwurkje.

Prager is troch bûnscoach Josef Hickersberger wol opnommen yn de seleksje foar de oefenwedstriid tsjin Dútslân. Dy wedstriid wurdt spile op 6 febrewaris yn Wenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)