Nij bedriuw yn Ljouwert

25 jan 2008 - 16:43

Wethâlder Waanders fan Ljouwert slacht nije wike tiisdei de earste peal foar it bedriuw APA. Dat bedriuw ferhuzet fan Bleiswijk nei Ljouwert en moat úteinlik 65 banen opsmite. It gebou moat yn de simmer fan 2009 klear wêze.

It bedriuw makket sinnepanielen, touch-screens en lcd-skerms. De earste aktiviteiten binne op laboratoariumskaal, mar letter moat der ek produsearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)