Boargemaster bikt stiennen

25 jan 2008 - 16:05

Boargemaster Boekhoven fan Nijefurd hat freed yn Warns holpen om stiennen skjin te bikken. It giet om stiennen fan in âlde tramloads út Ljouwert dy't takom jier yn Starum wer opboud wurdt.

Om dat foar elkoar te krijen moat it semint fan de 40.000 stiennen ôfhelle wurde. Dat wurdt dien troch meiwurkers fan sosjale wurkfoarsjenning Empatec. De tramloads wurdt ûnderdiel fan in treinmuseum yn Starum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)