Rene Hoen nei ONS Snits

25 jan 2008 - 15:39

Cambuurspiler Rene_Hoen stapt per direkt oer nei ONS Snits. De middenfjilder waard dizze wike weromset nei it twadde alvetal en hat dêrom oerskriuwing nei de haadklasser oanfrege.

Hoen hie in amateurkontrakt by Cambuur en seach it net mear sitten yn Ljouwert. By ONS treft er ûnder oaren Tarek_Hashemi, dy´t ôfrûne simmer ek de oerstap makke fan Cambuur nei Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)