Mooglik permanent AZC Dokkum

25 jan 2008 - 14:10
  • De hjoeddeiske gebouwen yn Dokkum gean der wei

De gemeenterie fan Dongeradiel set yn op de fêstiging fan in permanint asylsikerssintrum yn Dokkum. Op 1 maart wurdt it hjoeddeiske tydlike sintrum sletten, omdat de gebouwen net mear geskikt binne.

De gemeenterie freget boargemaster en wethâlders oer in permanint sintrum te oerlizzen mei it Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers. Dat petear is ynkoarten. It COA seit yn in reaksje dat it ferlet hat fan opfangplakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)