Bogerman wint debatwedstryd

© Omrop Fryslân
Learlingen fan it Bogermankolleezje yn Snits hawwe de Fryske foarronde fan de debatwedstryd 'Op weg naar het Lagerhuis' wûn. Fiif middelbere skoallen diene mei. Dy leveren elk in team fan tsien learlingen.
De skoalbern debatearren tongersdei ûnder oare oer de stelling dat de leeftiidsgrins foar it brûken fan alkohol omheech moat. It team fan it Bogermankolleezje giet no troch nei de achtste finales, dy binne yn Amsterdam.