Stankoerlêst wurdt oanpakt

Omwenners ha lêst fan de stjonkerij fan Ecopark de Wierde
De provinsje besjucht ynkoarten de plannen dy't makke binne om de stank op yndustryterrein Hearrenfean-noard oan te pakken. Dy stank komt fan it stoart De Wierde en Swiss Combi,in bedriuw dat slyk ferwurket. De provinsje krijt geregeld klachten fan omwenners oer de stjonkerij.
De bedriuwen ha in plan makke om in ein oan de problemen te meitsjen. As de provinsje dat goedkard, moat de stankoerlêst ein dit jier oer wêze.