Gjin akkoart oer fiskpriis

25 jan 2008 - 07:35

In gearkomste fan fiskers oer in fêste priis foar skol en tong hat neat opsmiten. Op de fiskôfslach yn Urk waard tongersdei oerenlang fergadere oer de fiskpriis. Nei ôfrin woe net ien fan de partijen wat sizze.

Lulke fiskers kamen dizze wike earder fan see, as protest tsjin de lege prizen dy't se krije foar har fisk en tsjin de hege brânstofprizen. Oan de aksje dogge ek fiskers út Harns mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)