VVD: gjin plak bûnspartij

25 jan 2008 - 07:15

De VVD yn Frjentsjerteradiel is benaud dat Frjentsjer de bûnspartij fan de KNKB kwyt rekket. De wedstryd wurdt altyd spile op de sportfjilden oan de Hertog van Saxenlaan. Dy fjilden wurde opnij ynrjochte en neffens de VVD bliuwt der te min plak oer foar de keatspartij.

Wethâlder Bonnema bestriid de krityk. Boppedat kin er him net yntinke dat de KNKB in ein makket oan de tradysje fan de Frjentsjerter bûnspartij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)