Rie net iens oer 3D-simulaasje

Hoe moat it plan foar de wynmûnen yn byld brocht wurde?
De rie fan Dongeradiel is it der net oer iens oft der in djoere presintaasje kocht wurde moat fan de wynmoles dy't yn de gemeente komme moatte. Foar 20.000 euro kin der in 3D-simulaasje fan de wynmoles makke wurde. Komt dy der net, dan moat mei help fan foto's in beslút naam wurde.
De helte fan de riedsleden wie tongersdei foar de djoerdere presintaasje, de oare helte tsjin. It punt wurdt meikoarten opnij behannele.