"Erfpacht Skylge beprate"

Problemen mei de erfpacht op Skylge
De oerheid moat wat dwaan oan de problemen mei de erfpacht op Skylge. Dat fynt Pleatslik Belang Skylge. Grûneigner Steatsbosbehear hat de erfpacht koartlyn bot ferhege, yn guon gefallen oant 10.000 euro yn it jier.
It is in ferfelende situaasje dat Steatsboskbehear natuerbehearder en ek grûneigner is, seit pleatslik belang. Dêr soene de minister fan LNV en de twadde keamer wat oan dwaan moatte.