Sosjaal plan personiel Cordis

24 jan 2008 - 21:09

Nei moannen ûnderhanneljen is der in sosjaal plan foar it personiel fan kateterfabryk Cordis yn Roden. Dêr wurkje ek in soad Friezen. Cordis slút ein dit jier de doarren.

De fakbûnen steane net achter it sosjaal plan, se fine it te meager. Se ha it wol foarlein oan har leden, dy ha it akseptearre. Yn it plan stiet dat Cordis in soad jild stekt yn nije opliedings foar it personiel en helpt by it sykjen nei oar wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)