Ferlies Jong H'fean tsjin PSV

Brian Vandenbussche (foto Martin de Jong)
Jong Hearrenfean hat tongersdei yn Eindhoven mei 3-0 ferlern fan Jong PSV. Danny Koevermans iepene de skoare yn de 13e minút. Flak nei rêst waard it 2-0 troch Fagner. Tsien minuten letter brocht Paul Voss de einstân op 3-0, út in strafskop.
Jong Hearrenfean spile net in minne wedstryd, mar koe net op tsjin PSV, dat in soad spilers út it earste team opsteld hie. By Jong Hearrenfean stie Brian Vandenbussche op goal.