Minister tefreden oer nije dyk

Der is genôch omtinken foar it lânskip yn de plannen foar de Sintrale As, seit Cramer
Minister Cramer (PvdA) fan miljeu fynt dat it plan foar de oanlis fan de Sintrale As soarchfâldich makke is. Dat hat se tongersdei sein by in wurkbesite dy't se brocht oan de Fryske Wâlden.
It plan foar de nije dyk tusken Dokkum en Nijegea bestiet net allinich út de oanlis fan asfalt. Nefffens Cramer is der goed rekken hâlden mei it lânskip dêr't de nije dyk aanst trochhinne rint.