Arbitraazjesaak Alves útsteld

24 jan 2008 - 18:24
  • Alves en AZ wolle besykje har skeel út te praten (foto Martin de Jong)

De spoedarbitraazjesaak fan fuotballer Afonso Alves fan SC_Hearrenfean tsjin AZ is oanhâlden. Alves en AZ ha de arbitraazjekommisje fan de KNVB frege om de sitting út te stellen. Se wolle earst nochris mei elkoar prate oer har mieningsferskil.

It skeel draait der om oft Alves wol of net in rjochtsjildich kontrakt sletten hat mei AZ. At se der net útkomme, wurdt freed in nije datum prikt foar de arbitraazjesaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)