Schuitengat net útbaggerje

24 jan 2008 - 17:39
  • Reis nei Skylge duorret net koarter

Harns en Skylge krije foarearst gjin rappere farferbining. De gemeenteried fan Skylge woe dêrfoar it Schuitengat by it eilân útbaggerje. Ut ûndersyk fan Rykswettersteat docht bliken dat dat gjin doel hat. Troch de streaming sit it gat gau wer fol mei sân.

As it Schuitengat útbaggere is, is de boat in kertier earder te plak. De streaming kin yn 'e takomst noch feroarje, sadat útbaggerjen dan wol kin. It plan kin dan wol trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)