Undersyk nei Fier Fryslân

© Omrop Fryslân
Der komt in ûndersyk nei de kwaliteit fan frouljusopfang Fier Fryslân. Dat hat it bestjoer besletten. It ûndersyk is nedich om't in groep meiwurkers bot krityk hat op de lieding. Se wolle der net mei it bestjoer oer prate, omdat se gjin fertrouwen hawwe yn sa'n petear.
It bestjoer sil ferskate ynspeksjetsjinsten ûndersyk dwaan litte nei de gong fan saken by Fier Fryslân.