Omrop bêstbeharke stasjon

Omrop Fryslân bêstbeharke radiostasjon
Omrop Fryslân is it bêstbeharke regionale radiostasjon fan Nederlân. Yn 'e lêste twa moanne fan 2007 stimde ien op 'e fjouwer Friezen ôf op de omrop. Dat docht bliken út it Kijk- en Luisteronderzoek fan buro Intomart.
Radio Noord en Omroep Zeeland stean op plak 2 en 3. Yn Fryslân is de omrop al jierrenlang it populêrste radiostasjon. De omrop hat twa kear safolle harkers as Radio 538 en Radio 2.