Ynvaazje muskusrotten Grinslân

Wetterskip Fryslân is net bliid mei de fangststop yn Grinslân
Muskusrôtfangers yn Fryslân kinne it takom jier wolris ekstra drok krije. De provinsje Grinslân wol yn 'e gebieten Westerkwartier en Westerwolde ophâlde mei it fangen fan 'e bisten. Nei alle gedachten komme der dan folle mear muskusrotten. Mooglik komme se de grins oer, Fryslân yn.
De fangststop is in idee fan de Partij van de Dieren. Hy hoecht gjin ynfloed te hawwen op 'e populaasje, sa mient de partij.