Straffen foar hammerklappen

Hege straffen foar slaan mei houten hammer
Trije manlju dy't yn septimber ferline jier in Lemster yn syn eigen wenplak mei in houten hammer slein hawwe, binne feroardiele foar poging ta deaslach en iepenlike geweldpleging. It slachtoffer (41) krige klappen en skoppen. Troch de klappen op 'e holle kin er net mear goed hearre.
Ien fan 'e fertochten hat 40 moanne finzenisstraf krigen, de oare twa 30 moanne. In fjirde fertochte wachtet noch op syn straf.