Bonifacio oproppen foar Kanada

24 jan 2008 - 15:12

Cambuur-spiler Brandon Bonifacio is oproppen foar it Olympysk alvetal fan Kanada. Yn maart wurket Jong Kanada in kwalifikaasje-toernoai ôf foar de Spelen yn Peking. Meksiko, Haiti en Guatemala binne de tsjinstanners yn de poule. De bêste twa ploegen geane nei de heale finales, de twa finalisten pleatse harren foar de Spelen.

Ek Marc Mboua (Kameroen) en Kasali Yinka Casal (Nigeria) geane mooglik nei it toernoai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)