Spoarbrêgen heger foar boaten

© Omrop Fryslân
Fjouwer spoarbrêgen yn Fryslân wurde de kommende tiid ophege. It giet om de brêgen by Boazum, Koudum, De Westereen en byeasten Ljouwert by it Alddiel. De brêgen krije in farhichte fan trije meter. Guon moatte ek noch ferbrede wurde ta sân meter.
Mei de opheging moat in trochgeande farrûte foar toeristen ûntstean. It wurk begjint yn maart. Der wurdt inkeld wykeins wurke. Treinen ride dan net, reizgers moatte mei de bus.