Wetter Drachten moat skjinner

© Omrop Fryslân
It wetter yn 'e gemeente Smellingerlân moat skjinner en better ôffierd wurde. Dat stiet yn it Wetterplan fan Wetterskip Fryslân en Smellingerlân. As earste yn Fryslân hat Smellingerlân in wetterplan foar Drachten. It wetter moat skjinner wurde, de oerlêst fan grûnwetter moat oanpakt wurde en angeljen moat better mooglik wurdt.
Der wurdt 2,3 miljoen ynvestearre. De boargers kinne alfêst geskikt oan in reintonne komme fan 'e gemeente.