Jonkje op fyts oanriden

© Omrop Fryslân
In jonkje fan 9 jier is woansdei ferwûne rekke by in oanriding mei in auto. De bestjoerder (45) krige him yn Sint Jânsegea foar de auto. De fytser sloech nei alle gedachten ynienen linksôf, wylst de auto ynhelle oan it ynheljen wie. It jonkje sloech oer de motorkap tsjin it foarrút en foel doe njonken de auto op 'e grûn. De auto ried nei de botsting oer in ferkearsremmer en kaam tsjin in beam ta stilstân.