Tsjûgen deadlik ûngelok socht

24 jan 2008 - 09:57

De plysje siket noch altyd tsjûgen fan in deadlik ûngelok, ferline wike tongersdei op 'e A7. In eardere oprop hat noch neat opsmiten. In 50-jierrige automobiliste kaam om it libben nei't se oanriden waard op 'e útfoechstrook De Tynje/De Gordyk. Se stie dêr stil.

De plysje siket benammen de bestjoerder fan in reade Fiat dy't noch krekt om 'e stilsteande hinneride koe. Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne belje mei 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)