Flyers ha it dreech mei Grins

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers hawwe woansdeitejûn mei 6-3 wûn fan Grins. It wie in drege wedstriid foar de Feansters tsjin de nûmer lêst fan de kompetysje. Nei de earste perioade stie it 2-1 foar de Flyers troch goals fan Michael Nason en Erik Landman.
Yn de twadde perioade waard it 3-1 troch Justin Bekkering, mar Grins kaam werom oant 3-3. Troch Matt_McCarthy en Alexander_Ivanov (2 kear) wûn Flyers dochs noch.