't Hart baas Friesland Foods

Cees 't Hart
Cees 't Hart wurdt op 1 maaie de nije direksjefoarsitter fan Friesland Foods. It is it doel dat 't Hart ek de earste direksjefoarsitter wurdt fan de nije ûndernimming dy't ûntstiet troch de earder oankundige fúzje fan Friesland Foods mei Campina. 't Hart wurket no noch by Unilever.
't Hart folget Theo Spierings op. Hy naam ferline jier as waarnimmend foarsitter de lieding oer fan Luc Dahlhaus.